
Frysk
bloed tsjoch op! wol nou ris brûze en siede,
En bounzje troch ús
ieren om!
Flean op! Wy sjonge it bêste lân fandíerde,
It
Fryske lân fol eare en rom.
Klink dan en daverje fier yn it
roun,
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Ompolske fan it hege
sâlte wetter,
Fortroppe op in terp of stins,
Hien 'd'âlde
Friezen yn de wrâld net,
Har lân en frijdom wie har winsk,
Klink
dan en daverje fier yn it roun,
Dyn âlde eare, o Fryske
groun!
Fij fan it jok fan stege, frjemde hearen,
Faek earm
ek, mar dochs sterk en frij,
Stie d'âlde Fries stânfêst by syn
menearen,
Hy wie in Fries, as Fries stoar hy,
Klink dan en
daverje fier yn it roun,
Dyn âlde eare, o Fryske groun!

Geen opmerkingen:
Een reactie posten